Return   Facebook   Zip File

Verplicht

It Koarte Ferplichte

Ik tsjûgje, o myn God, dat Jo my skepen hawwe om Jo te kennen en te oanbidden. Ik betsjûgje op dit pas myn machteleazens en Jo macht, myn earmoede en Jo rykdom.

Der is gjin oare God as Jo, de Helper-yn-need, de Troch-Himsels-Besteande.

#6017
- Bahá'u'lláh

 

Algemeen

Bern

O God! Lied my en hoedzje my; ferljochtsje de lampe fan myn hert en meitsje my ta in strieljende stjer.

Jo binne de Machtige en de Krêftige.

#6018
- `Abdu'l-Bahá

 

O Jo, suvere God! Ik bin in lyts bern; meitsje de skurte fan Jo jefte ta in leaflik rêstplak fan treast, lit my groeie en fied wurde mei de hunnich en de molke fan Jo leafde en bring my grut mei Jo kennis; lit my frij wêze salang't ik in bern bin en jou my ealens!

O Jo, bûtenwenstige God! Meitsje my de fertrouling fan it Keninkryk fan de Unsjenbere. Wierliken, Jo binne de Machtige en de Krêftige.

#6019
- `Abdu'l-Bahá

 

Besikingen En Swierrichheden

Is der ien dy't swierrichheden ferdriuwt bûten God? Sis: Eare oan God! Hy is God! Allegearre binne Syn tsjinners en hâlde Syn gebod.

#6020
- De Báb

 

Sis: God foldocht alle dingen boppe alle dingen en neat yn de himelen of op ierde útsein God is genôch.

Wierliken, Hy is yn Himsels de Wittende, de Helper, de Almachtige.

#6021
- De Báb

 

Ferstoarnen

O myn God! Dit is Jins tsjinneres en de dochter fan Jins tsjinneres, dy't yn Jo en yn Jins tekens leauwt en dy't har antlit nei Jo takeard hat, folslein frij fan alles bûten Jo. Jo binne wierliken fan al dyjingen dy't erbarming toane de barmhertichste.

Doch mei har, o Jo Dy't de sûnden fan de minsken ferjout en Dy't harren lekken en brekken net acht slacht, nei't it de himel fan Jins lankmoedigens en de oseaan fan Jins genede past. Nim har op yn it ryk fan Jins genede, dy't alles te boppe giet en dy't al foar de skepping fan himel en ierde bestie.

Der is gjin God as Jo, de Jimmeroan-Ferjaande, de Grutmoedichste.

Alláh'u'Abhá.

Wierliken, wy allegearre bidde God oan. (19 x)

Alláh'u'Abhá.

Wierliken, wy allegearre bûge ús foar God. (19 x)

Alláh'u'Abhá.

Wierliken, wy allegearre hawwe ús oan God wijd. (19 x)

Alláh'u'Abhá.

Wierliken, wy allegearre loovje God. (19 x)

Alláh'u'Abhá.

Wierliken, wy allegearre tankje God. (19 x)

Alláh'u'Abhá.

Wierliken, wy allegearre binne geduldich yn God. (19 x)

#6023
- Bahá'u'lláh

 

O myn God! O Jo, Ferjouwer fan sûnden! Skinker fan jeften! Ferdriuwer fan smerten!

Wierliken, ik smeekje Jo de sûnden te ferjaan fan harren dy't it stoflik klaad ôflein hawwe en nei de geastlike wrâld opstiigd binne.

O myn Hear! Suverje harren fan oertrêdings, ferdriuw harren fertriet en feroarje harren tsjusterens yn ljocht. Lit harren de tún fan lok yngean, reinigje harren mei it suverste wetter en stean harren ta, Jo swidens op de ferhevenste berch te oanskôgjen.

#6022
- `Abdu'l-Bahá

 

Geastlike Groei

Skep yn my in suver hert, o myn God, en fernij yn my in rêstich gewisse, o myn Hoop! Bekrêftigje my yn Jo Saak troch de geast fan macht, o myn Meast-Dierbere, en iepenbierje my Jo wei troch it ljocht fan Jo gloarje, o Jo, Doel fan myn langstme! Ferhef my ta de himel fan Jo hillichheid troch de krêft fan Jo alles oertreffende macht, o Boarne fan myn wêzen, en ferbliidzje my troch de amme fan Jo ivichheid, o Jo, Dy't myn God binne! Lit Jo ivichduorjende meldijen myn siel rêst jaan, o myn Selskipsman, en lit de rykdom fan Jo alâlde oansjen my ferlosse fan alles útsein Jo, o myn Master! Lit it boadskip fan de iepenbiering fan Jo ûnfergonklik Wêzen my freugde bringe, o Jo, Dy't de kenberste fan it kenbere binne en de ferburgenste fan it ferburgene!

#6024
- Bahá'u'lláh

 

O Jo , barmhertich God! Skink my in hert dat allyk in spegel strielet mei it ljocht fan Jo leafde en besielje my mei gedachten dy't troch Jo foldiedigens de wrâld feroarje litte yn in roazehôf. Jo binne de Barmhertige, de Genedige, de Alfoldiedege.

#6025
- Bahá'u'lláh

 

O myn God! Jou my kennis, leauwe en leafde. O Leafste! Sierje myn holle mei de kroan fan Jo foarsjennichheid, myn hert mei it ljocht fan Jo te kennen, myn tonge mei it uterjen fan Jo Grutste Namme en lit myn ear hingje nei Jo hilhich Wurd. Jo binne de Hillige Dy't ferhearlike waard, ferhearlike 'wurdt en altiten ferhearlike wurde sille, en Waans geboaden hieltyd opfolge wurde sille.

OGod, help my rjochtfeardich te wêzen, ferhef my boppe de oseaan fan byleauwe en idele waan en jou my in skerp each, dat ik yn alle riken Jo ienheid en Jo wierheid beseffe mei.

#6026
- `Abdu'l-Bahá

 

Geastlike Ried

Kom by elkoar yn suvere blydskip en sis dit gebed by it begjin fan de gearkomste.

O Jo, Hear fan it Keninkryk! Alhoewol't ús lichems hjir by elkoar binne, wurde ús betsjoende herten fuortfierd troch Jo leafde en reitsje wy yn ekstaze troch de strielen fan Jo skitterjend antlit. Hoe swak wy ek binne, wy ferwachtsje de iepenbieringen fan Jo krêft en macht. Hoe earm wy ek binne, sûnder goed en middels, dochs helje wy rykdommen út de skatten fan Jo Keninkryk. Alhoewol't wy drippen binne, putte wy út de djipten fan Jo oseaan. Alhoewol't wy stofkes binne, glinsterje wy yn de hearlikheid fan Jo prachtige Sinne.

O Jo, ús Fersoarger! Stjoer Jo bystân del, dat elk dy't hjir sammele is as in brânende kears wurdt, elk in midpunt fan oanlûkingskrêft, elk in ûntbieder ta Jo himelsk ryk, oant wy einl ings dizze wrâld hjir ûnder meitsje ta it evenbyld fan Jo Paradys.

#6027
- `Abdu'l-Bahá

 

Genêzing

Jo namme is myn genêzing, o myn God, en it Jo te betinken is myn medisyn, Jo nei-oan te wêzen is myn hope, en leafde foar Jo is myn selskipsman. Jo genede is myn genêzing en myn stipe yn dizze wrâld en yn de wrâld dy't komme sil.

Jo, wierliken, binne de Alfoldedige, de Alwittende, de Alwize.

#6028
- Bahá'u'lláh

 

Help En Bystân

Sis:Eare oan Jo Dy't alle Hilligen harren helpleazens bekenne liet foar de mannichfâldige iepenbieringen fan Jo macht oer en dy't elke Profeet syn neat-wêzen erkenne liet by de glâns fan Jo duorjende hearlikheid. 1k smeekje Jo, by Jo Namme dy't de poarten fan de Himel iepen die en de Skare yn de hege mei útskroevenens ferfolle om my yn steat te stellen Jo te tsjinjen yn dizze Dei en my te sterkjen om itjinge Jo foarskreaunen yn Jo Boek nei te kommen. Jo witte, o myn Hear, wat yn my is, mar ik wit net wat yn Jo is.

Jo binne de Alwittende, de alles Kennende.

#6029
- Bahá'u'lláh

 

O Jo, waans antlit it doel is fan myn oanbidding, Waans skientme myn hillichdom, Waans wente myn doel, Waans lofspraak myn hope, Waans foarsjennichheid myn selskipsman, Waans leafde de reden fan myn bestean, Waans neamd-wurden myn treast, Waans neite myn langstme, Waans tsjinwurdichheid myn dierberste winsk en heechste stribjen is. Ik smeekje Jo my net te ûnthâlden wat Jo foar de útkarden fan Jo tsjinners ornearre hawwe. Ferlien my dan it goede fan dizze wrâld en fan de neikommende.

Jo, wierliken, binne de Kening fan alle minsken. Der is gjin God as Jo, de Jimmer-Ferjaande, de Grutmoedichste.

#6030
- Bahá'u'lláh

 

Houlik

Gloarje is oan Jo, o myn God! Wierliken, dizze Jo tsjinstfeint en dizze Jo tsjinstfaam binne ûnder it skaad fan Jo barmhertigens gearkommen en binne ferbûn troch Jo geunst en edelmoedigens. 0 Hear! Stean harren by yn dizze Jo wrâld en Jo keninkryk en bestim foar harren al it goede troch Jo rynskens en genede. O Hear! Fersterkje harren yt harren tsjinstberens en help harren Jo te tsjinjen. Stean harren ta de tekens te wurden fan Jo Namme yn Jo wrâld en beskermje harren troch Jo woldieden, dy't sûnder ein binne yn dizze wrâld en de wrâld dy't komme sil.

O Hear! Hja freegje help oan it keninkryk fan Jo barmhertigens, en roppe it ryk fan Jo ienichst-wêzen oan. Wierliken, hja binne troud yn hearrigens oan Jo gebod. Lit harren de tekens wurde fan harmony en ienheid oant de ein fan de tiid.

Wierliken, Jo binne de Almogende, de Alomtsjintwurdige, de Almachtige.

#6031
- `Abdu'l-Bahá

 

Ienheid

O myn God! O myn God! Ferienigje de herten fan Jo tsjinners en iepenbierje oan harren Jo ferheven plan. Meie hja Jo geboaden neikomme en har hâlde oan Jo wet. Help harren, o God, yn har stribjen en jou harren krêft om Jo te tsjinjen.

O God, lit harren net oan harsels oer, mar lied har trêden mei it ljocht fan Jo kennis en ferbliidzje har hert mei Jo leafde.

Wierliken, Jo binne harren Helper en harren Hear.

#6032
- Bahá'u'lláh

 

O Jo, leafderyk Hear! Jo hawwe it hiele minskdom út deselde stam skepen. Jo hawwe foarbeskikt dat wy allegearre ta deselde famylje hearre. Foar Jo hillich Antlit binne allegearre Jo tsjinners en it hiele minskdom wurdt fan Jo Tabernakel beskerme. Wy allegearre binne gearkommen om Jo Tafel fan Oerfloed en wurde ferljochte troch it ljocht fan Jo foarsjennichheid.

O God! Jo binne freonlik foar ús allegearre, Jo soargje foar ús allegearre, Jo beskermje ús allegearre, Jo skinke libben oan ús allegearre. Jo hawwe ús allegearre mei talinten en mooglikheden bejeftige; wy allegearre binne dompele yn de oseaan fan Jo genede.

O Jo leafderyk Hear! Ferienigje alle minsken. Lit de godstsjinsten ienriedich wêze. Meitsje de folken ien, dat hja elkoar sjen meie as ien famylje en de hiele ierde as ien heitelân. Meie hja yn ienheid en iendracht mei elkoar omgean.

O God! Heevje heech it findel fan de ienheid fan it minskdom.

O God! Stiftsje de Aldergrutste Frede. Smei de herten oan inoar, o God! O Jo leafderyk Heit, God! Ferbliidzje ús hert mei de swietrook fan Jo leafde. Ferhelderje de eagen mei it ljocht fan Jo lieding. Streakje de earen mei de meldije fan Jo wurd en beskut ús allegearre yn de fêsting fan Jo foarsoarch.

Jo binne de Machtige en de Krêftige! Jo binne de Ferjouwende en Jo binne Dyjinge dy't it tekoartkommen fan it minskdom net telt.

#6033
- `Abdu'l-Bahá

 

Jûn

O myn God, myn Master. Doel fan myn langstme! Dizze Jo tsjinner besiket te sliepen yn de beskutting fan Jo genede en te rêsten ûnder it baldakyn fan Jo geunst, smeekjende om Jo soarch en Jo beskerming.

Ik smeekje Jo, o myn Hear, by Jo each dat net sliept, myn eagen te hoedzjen om eat oars te sjen útsein Jo. Sterkje dan harren sjen, dat hja Jo tekens waarnimme en de hoarizon fan Jo iepenbiering oanskôgje meie. Jo binne Dejinge, foar de iepenbieringen fan Waans almacht de kearn fan macht beve hat.

Der is gjin God as Jo, de Almachtige, de Albehearsker, de Unbetinge.

#6034
- Bahá'u'lláh

 

Moarn

Ik bin ûnder Jo beskutting wekker wurden,o myn God, en it past him dy't dy beskutting siket te ferkearen yn it Hillichdom fan Jo beskerming en yn de Fêsting fan Jo ferdigening. Ferljochtsje myn ynderlik wêzen, o myn Hear, mei de pracht fan de Dage fan Jo iepenbiering, lykas Jo myn uterlik wêzen ferljochte hawwe mei it moarntiidsljocht fan Jo geunst.

#6035
- Bahá'u'lláh

 

Ik priizgje Jo, o myn God, dat Jo my út 'e sliep wekker makke hawwe en my út myn fuort-wêzen oproppen hawwe en my út myn slomme ferrize litten hawwe. Ik bin dizze moarn wekker wurden mei myn antlit heve nei de pracht fan de Dei-Stjer fan Jo iepenbiering dêr't de himelen fan Jo macht en Jo majesteit troch ferljochte wurden binne; ik erken Jo tekens, leau yn Jo Boek en hâld fêst oan Jo koarde.

Ik smeekje Jo, by de macht fan Jo wil en de twingende krêft fan Jo doel, om itjinge Jo my yn myn sliep iepenbiere hawwe ta de fêste grûnslach te meitsjen foar de wenten fan Jo leafde, dy't yn de herten fan Jo leafsten binne en ta it bêste middel om de tekens fan Jo genede en Jo leafderykheid te iepenbierjen.

Ornearje foar my troch Jo meast ferheven Pinne, o myn Hear, it goede fan dizze wrâld en fan de folgjende.

Ik tsjûgje dat yn Jo greep de leien binne fan alle dingen. Jo feroarje dy nei Jo gefalligens. Gjin God is der útsein

Jo, de Sterke, de Trouwe.

Jo binne Dejinge, dy't troch Syn gebod fernedering feroaret yn hearlikens en swakte yn krêft, machteleazens yn macht, freze yn rêst en twifel yn wissichheid. Gjin God is der as Jo, de Machtige, de Woldiedige.

Jo stelle nimmen teloar dy't Jo siket, noch hâlde Jo immen fan Jo ôf dy't nei Jo ferlanget. Ornearje Jo foar my itjinge de himel fan Jo edelmoedigens en de oseaan fan Jo goederjouskens past.

Jo binne, wierliken, de Almachtige, de Almogende.

#6036
- Bahá'u'lláh

 

Stânfêstigens

O Hear, myn God! Help Jo leafsten sterk te stean yn Jo Leauwe, Jo wegen te bewanneljen en stânfêstich te wêzen yn Jo Saak.

Jou harren Jo genede, om de oanfallen fan selssucht en begearte te wjerstean en it ljocht fan godlike Lieding te folgjen.

Jo binne de Krêftige, de Genedige, de Troch-Himsels-Besteande, de Skinker, de Meilydsume, de Almachtige, de Alfoldiedige.

#6041
- `Abdu'l-Bahá

 

Tafelgebedens

Hy is God! Oanskôgje ús, o Hear, gearkommen om dizze tafel, tankber foar Jo goederjouskens, ús each rjochte op Jo keninkryk. O God! Stjoer ús Jo himelsk iten en Jo seine. Wierliken, Jo binne de Woldiedige, de Barmhertige.

#6038
- `Abdu'l-Bahá

 

Ûnderrjocht

Tsjusterens leit oer elts lân, o myn God, dat makket de measten fan Jo tsjinners kjel. 1k smeekje Jo, by Jo Grutste Namme, lit der yn eltse stêd nije minsken opstean, dy't ta Jo komme en Jo, yn de rûnte fan Jo Tsjinners, eare bringe sille, dy't nei harren fermogens fan wurd en wysheid, it findel fan Jo oerwinning iepenteare en harren losmeitsje sille fan hiel it skepene.

Machtich binne Jo te dwaan nei Jins gefallichheid. Der is gjin oare God as Jo, de Almachtige, Hy, waans help ynroppen wurdt fan alIe minsken.

#6039
- Bahá'u'lláh

 

Bijzondere gebeden en teksten

Naw-Ruz

Naw-Ruz

(Naw-Rúz, 21 maart, de earste dei fan it Bahá'í jier, is in dei fan freugde)

Priizge binne Jo, o myn God, dat Jo Naw-Rúz ynsteld hawwe as in feestdei foar harren dy't de fêste neikommen binne út leafde foar Jo en harren ûnthâlden hawwe fan al wat Jo wearzget. Stean ta, o myn Hear, dat it fjoer fan Jo leafde en de gloede, feroarsake troch de fan Jo opleine fêste, harren foar Jo Saak ûntflamje litte mei en lit harren dwaande wêze Jo te earjen en te betinken.

Om't Jo harren toaid hawwe, o myn Hear, mei it sieraad fan de fan Jo foarskreaune fêste, toai harren allyksa mei it sieraad fan Jo oanfurdiging troch Jo genede en goederjouske geunst. Want it dwaan en litten fan de minsken is hielendal ôfhinklik fan Jo wolbehagen en is troch Jo gebod bepaald. Bywannear't Jo him dy't de fêste brutsen hat beskôgje as ien dy't him hâlden hat, sil dizze minske rekkene wurde ta harren dy't yn alle ivichheid de fêste hâlden hawwe. En bywannear't Jo befelje, dat hy dy't de fêste hâlden hat him brutsen hat, sil dy minske rekkene wurde ta harren dy't oarsaak west hawwe fan it mei túch besmoargjen fan it Kleed fan Jo iepenbiering en dy't fier ferwidere binne fan de kristalkleare wetters fan dizze libbene Boarne.

Jo binne Dejinge troch wa't it findel: "Pryslik binne Jo yn Jo wurken" heve is en de standert: "Opfolge wurde Jo yn Jo gebod" ûntrôle is. Meitsje Jo steat bekend, o myn God, oan Jo tsjinners, dat hja gewaar wurde meie dat de treflikheid fan alle dingen ôfhinklik is fan Jo gebod en Jo wurd, en it nut fan elke hanneling ôfhinklik is fan Jo ferlof en it wolbehagen fan Jo wil, en dat hja erkenne meie dat de leien fan de hannelingen fan de minsken yn de greep lizze fan Jo goedkarring en Jo gebod. Meitsje dit bekend oan harren, dat perfoarst neat harren útslute sil fan Jo Skientme, yn dizze dagen dér't Christus yn útropt: "Alle hearskippij is oan Jo, o Jo de Oansetter fan de Geast*", en Jo Freon** útropt: "Gloarje is oan Jo, o Jo de Leafste, want Jo hawwe Jo Skientme oan't ljocht brocht en Jo hawwe foar Jo útkarden delskreaun wat harren yn steat stelle sil de sit te berikken fan de iepenbiering fan Jo Grutste Namme, dêr't alle minsken troch lamentearren, behalve hja dy't harren ûnthecht hawwe fan alles útsein Jo en harren keard hawwe ta Him dy't de Iepenbierder is fan Josels en de Manifestaasje fan Jo eigenskippen".

Hy dy't Jo Tûke is, en allegearre dy't mei Jo binne, o myn Hear, hawwe op dizze dei in ein, makke oan harren fêste, nei't hja it neikommnen binne, binnen de grinzen fan Jo hôf en yn ynlikst ferlangst om Jo te haagjen. Bestimme Jo foar him, en foar harren, en foar allegearre dy't yn dizze dagen Jo oanwêzigens berikt hawwe al it goede dat Jo yn Jo boek beskikt hawwe. Jou harren dan, wat harren te'n goede komme sil sawol yn dit libben as yn it libben hjirnei.

Jo, yn wierheid, binne de Alwittende, de Alwize.

Jezus

Mohammed

#6037
- Bahá'u'lláh

 

Tafelen

Tafel Fan Ahmad

Tafel Fan Ahmad

"Dizze deistige ferplichte gebedens mei inkelde spesjale, lykas it Genêzingsgebed en de Tafel van Ahmad hat Bahá'u'lláh in bysûndere krêft en betsjutting jûn en dy moatte dêrom sa oannommen wurde. De leauwenden moatte dy gebedens sizze mei folslein leauwe en betrouwen, dat hja hjirtroch komme meie ta in neiere omgong mei God en harren hieltyd mear indentifisearje sille mei Syn wetten en foarskriften."

Út in brief, dy't skreaun is út namme fan Shogi Effendi, sjoch: Bahá'í News, septimber 1951.

Hy is de Kening, de Alwittende, de Wize!

Sjoch, de Geal fan it Paradys sjongt op de twigen fan de Beam fan Ivichheid mei hillige en leaflike meldij. Hy ferkundiget oan de oprjochten de blide tynge fan de neite fan God, ropt de leauwenden yn de godlike Ienheid op ta it hôf fan de Oanwêzigens fan de Grutmoedige, lit de ûnthechten it boadskip witte dat iepenbiere is troch God, de Kening, de Gloarje-rike, de Bûtenwenstige, en liedt de leafsten ta de sit fan hillichheid en ta dizze strieljende Skientme.

Wierliken, dit is dy grutste Skientme, foarsein yn de Boeken fan de Boadskippers, troch Wa't wierheid

ûnderskieden wurde sil fan dwaling en de wiisheid fan elk gebod hifke wurde sil. Wierliken, Hy is de Beam fan it Libben dy't de fruchten jout fan God, de Ferhevene, de Machtige, de Grutte.

O Ahmad! Tsjûgje dat Hy, wierliken, God is en der gjin God is bûten Him, de Kening, de Beskermer, de Bûtenwenstige, de Almachtige. En dat Dejinge Dy't Hy útstjoerd hat ûnder de namme 'Ali ( de Báb ) wierlik fan God kaam, nei Waans geboaden wy ús allegearre foegje.

Sis: O folk, wês hearrich oan de foarskriften fan God, dy't oplein binne yn de Bayán troch de Gloarjerike, de Wize. Wierliken, Hy is de Kening fan de Boadskippers en Syn Boek is it Memmeboek - witsto it mar.

Sa lit út dizze finzenis de Geal dy Syn rop hearre. Hy hat inkeld dit klear boadskip te bringen. Al wa't dit winsket lit dy him ôfkeare fan dizze ried en al wa't dit winsket lit dy de wei kieze nei syn Hear.

O minsken, as jimme dizze fersen fersaakje, troch hokker bewiis hawwe jimme yn God leaud? Lit it sjen, o jimme trouweleazen.

Nee, by Him yn Waans hân myn siel is, hja binne net en sille nea by steat wêze, dit te dwaan, sels net al soene hja harren ferbine om elkoar te helpen.

O Ahmad! Ferjit Myn woldieden net wylst Ik ôfwêzich bin. Betink Myn dagen yn dyn dagen en Myn smert en ferbanning yn dizze efterôf finzenis. En wês sa stânfêstich yn Myn leafde, dat dyn hert net wifelje sil, sels as de swurden fan de fijannen slaggen op dy del reine litte en al de himelen en de ierde tsjin dy opstean.

Wês as in fjoergloede foar Myn fijannen en in rivier fan ivich libben foar Myn leafsten en hear net ta dejingen dy't twifelje.

En asto oerfallen wurdst troch besikingen op Myn paad of fernederingen foar Myn saak, sit dêr net oer yn.

Fertrou op God, dyn God en de Hear fan dyn foarfaars. Want de minsken geane dwaalwegen, berôve fan it ûnderskiedingsfermogen om God mei eigen eagen te sjen of mei eigen earen Syn meldij te hearren. Sa fûnen Wy harren, lykasto ek tsjûgest. Sa waard harren byleauwe in wale tusken harren en harren eigen herte en hâlde harren ôf fan it paad fan God, de Ferhevene, de Grutte.

Wês der yn dysels wis fan dat wierliken hy dy't him fan dizze Skientme ôfkeart, him ek fan de Boadskippers yn it ferline ôfkeard hat en fan ivichheid oant ivichheid fol heechmoed is foar God oer.

Lear dizze Tafel goed, o Ahmad. Sis har yn dyn dagen en ûntwyn dy der net oan. Want wierliken, God ornearre foar dejinge dy't har seit de beleanning fan hûndert en ien martlers en tsjinstberens yn beide wrâlden. Dizze geunsten hawwe Wy dy skonken as in woldied fan Us kant en in genede fan Us oanwêzigens.

datsto hearst ta harren dy't tankber binne.

By God! Lêst immen dy't yn smert of kommer is, yn folsleine oprjochtens dizze Tafel, dan sil God syn fertriet ferdriuwe, syn swierrichheden oplosse en syn besikingen weinimme.

Wierliken, Hy is de Genedige, de Meilydsume. Eare oan God, de Hear fan alle wrâlden.

#6040
- Bahá'u'lláh