Return to BahaiPrayers.net   Facebook

Naw-Ruz

(Naw-Rúz, 21 maart, de earste dei fan it Bahá'í jier, is in dei fan freugde)

Priizge binne Jo, o myn God, dat Jo Naw-Rúz ynsteld hawwe as in feestdei foar harren dy't de fêste neikommen binne út leafde foar Jo en harren ûnthâlden hawwe fan al wat Jo wearzget. Stean ta, o myn Hear, dat it fjoer fan Jo leafde en de gloede, feroarsake troch de fan Jo opleine fêste, harren foar Jo Saak ûntflamje litte mei en lit harren dwaande wêze Jo te earjen en te betinken.

Om't Jo harren toaid hawwe, o myn Hear, mei it sieraad fan de fan Jo foarskreaune fêste, toai harren allyksa mei it sieraad fan Jo oanfurdiging troch Jo genede en goederjouske geunst. Want it dwaan en litten fan de minsken is hielendal ôfhinklik fan Jo wolbehagen en is troch Jo gebod bepaald. Bywannear't Jo him dy't de fêste brutsen hat beskôgje as ien dy't him hâlden hat, sil dizze minske rekkene wurde ta harren dy't yn alle ivichheid de fêste hâlden hawwe. En bywannear't Jo befelje, dat hy dy't de fêste hâlden hat him brutsen hat, sil dy minske rekkene wurde ta harren dy't oarsaak west hawwe fan it mei túch besmoargjen fan it Kleed fan Jo iepenbiering en dy't fier ferwidere binne fan de kristalkleare wetters fan dizze libbene Boarne.

Jo binne Dejinge troch wa't it findel: "Pryslik binne Jo yn Jo wurken" heve is en de standert: "Opfolge wurde Jo yn Jo gebod" ûntrôle is. Meitsje Jo steat bekend, o myn God, oan Jo tsjinners, dat hja gewaar wurde meie dat de treflikheid fan alle dingen ôfhinklik is fan Jo gebod en Jo wurd, en it nut fan elke hanneling ôfhinklik is fan Jo ferlof en it wolbehagen fan Jo wil, en dat hja erkenne meie dat de leien fan de hannelingen fan de minsken yn de greep lizze fan Jo goedkarring en Jo gebod. Meitsje dit bekend oan harren, dat perfoarst neat harren útslute sil fan Jo Skientme, yn dizze dagen dér't Christus yn útropt: "Alle hearskippij is oan Jo, o Jo de Oansetter fan de Geast ", en Jo Freon útropt: "Gloarje is oan Jo, o Jo de Leafste, want Jo hawwe Jo Skientme oan't ljocht brocht en Jo hawwe foar Jo útkarden delskreaun wat harren yn steat stelle sil de sit te berikken fan de iepenbiering fan Jo Grutste Namme, dêr't alle minsken troch lamentearren, behalve hja dy't harren ûnthecht hawwe fan alles útsein Jo en harren keard hawwe ta Him dy't de Iepenbierder is fan Josels en de Manifestaasje fan Jo eigenskippen".

Hy dy't Jo Tûke is, en allegearre dy't mei Jo binne, o myn Hear, hawwe op dizze dei in ein, makke oan harren fêste, nei't hja it neikommnen binne, binnen de grinzen fan Jo hôf en yn ynlikst ferlangst om Jo te haagjen. Bestimme Jo foar him, en foar harren, en foar allegearre dy't yn dizze dagen Jo oanwêzigens berikt hawwe al it goede dat Jo yn Jo boek beskikt hawwe. Jou harren dan, wat harren te'n goede komme sil sawol yn dit libben as yn it libben hjirnei.

Jo, yn wierheid, binne de Alwittende, de Alwize.

Jezus

Mohammed

 


English  
ភាសាខ្មែរ  
አማርኛ.  
Afrikaans  
Alaska Native  
American Indian  
Azərbaycan  
Bahasa Indonesia  
Bahasa Malaysia  
Bidayuh  
Bosanski  
Canadian Indigenous  
Català  
Cebuano  
Česky  
Chamorro  
Chichewa  
Corsica  
Cymraeg  
Daga  
Dansk  
Deutsch  
Dzongkha  
Eesti  
Español  
Esperanto  
Euskara  
Fiji  
Filipino  
Føroyar  
Français  
Frysk  
Hausa  
Hawaiian  
Hiri Motu  
Hrvatski  
Irish  
Íslenska  
Italiano  
Kabyle  
Kalaallisut  
Kiribati  
Kiswahili  
Kreyol Ayisyen  
Kuanua  
Kube  
Latviešu  
Lëtzebuergesch  
Lietuvių  
Luganda  
Magyar  
Malagasy  
Malti  
Māori  
Marshallese  
Melpa  
Montenegrin  
Nalik  
Namibia  
Nederlands  
Norsk  
Papiamentu  
Polski  
Português (BR)  
România  
Sámi  
Samoan  
Sarawak  
Sesotho  
Shqip  
Slovenščina  
Slovensky  
Sranan Tongo  
Srpski српски  
Suomi  
Svenska  
Tetum  
Tiếng Việt  
Tok Pisin  
Tongan  
Türkçe  
Türkmençe  
Tuvalu  
Vanuatu  
ελληνικά  
Беларускі  
български  
Кыргыз  
Монгол хэл  
Русский  
Тоҷикӣ  
Україна  
հայերեն  
اُردُو  
العربية  
فارسی  
नेपाली  
मराठी  
हिंदी  
বাংলা  
ગુજરાતી  
ଓଡ଼ିଆ  
தமிழ்  
తెలుగు  
ಕನ್ನಡ  
മലയാളം  
ภาษาไทย  
ພາສາລາວ  
한국어  
日本語  
简体中文  
繁體中文  
Windows / Mac